PvdA-steatefraksje is lulk

21 mrt 2006 - 11:06

De PvdA-steatefraksje yn Fryslân is lulk op PvdA-partijleden yn de Twadde Keamer. Oanlieding is de stipe foar it plan fan minister Hoogervorst om de ambulânsewet oan te passen.

Neffens de nije regels komt de finansiering yn hannen fan de soarchfersekerders en moatte ek de ambulânsetsjinsten konkurrearje. De PvdA-steatefraksje sjocht neat yn it plan en wol dat de ambulânse yn publike hannen bliuwt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)