Haadrol foar Tuinman en Bloemen

© Omrop Fryslân
Peter Tuinman en Karin Bloemen sille yn it wykein fan 15 july in haadrol spylje yn it teaterspektakel dat opfierd wurdt yn it Abe Lenstrastadion by de offisjele oplevering fan Sportstad Heerenveen. It giet om in stik oer de skiednis fan It Fean.
Alle ynwenners fan it Hearrenfean krije in frijkaart foar it spektakel, krekt as de seizoenkaarthâlders. Jos Thie docht de rezjy. Oan it stik dogge 2300 akteurs en muzikanten mei.