Nije supermerken yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De Amsterdamse supermerkketen Dirk van den Broek wol de kommende jierren yn Fryslân supermerken iepenje. It bedriuw is op dit stuit op syk nei gaadlike lokaasjes yn Ljouwert, Drachten, Snits en It Hearrenfean. Moandei is it bedriuw yn Wolvegea út ein set mei de bou fan de earste supermerk yn Fryslân.
Van den Broek is op dit stuit yn Fryslân allinne aktyf mei in tal reisbureau's. Yn it westen fan it lân hat it bedriuw mear as 90 supermerken.