Beslút oer rêdingsplan Cambuur

21 mrt 2006 - 00:00

It gemeentebestjoer fan Ljouwert makket tiisdei bekend oft de gemeente akkoart giet mei it rêdingsplan foar Cambuur. Underdiel fan it plan is de grûn ûnder it fuotbalstadion. Dy wurdt ferkocht oan in groep ynvestearders en dêrfoar hat de gemeente it taksearje litten.

De gemeente hat de tiid nommen om it rêdingsplan te bestudearjen, omdat der noch in soad fragen wiene. Cambuur hie oars foar de gemeenteriedsferkiezings dúdlikheid hawwe wollen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)