Cambuur ôfhinklik yn titelstriid

21 mrt 2006 - 00:00

Cambuur Ljouwert hat de striid om de perioadetitel net mear yn eigen hannen. Direkte konkurrint AGOVV Apeldoorn wûn moandeitejûn mei 3-0 fan Den Bosch. AGOVV hat no snein genôch oan in lykspul tsjin Go Ahead Eagles om de perioadetitel binnen te heljen.

Cambuur hie de wedstryd tsjin Veendam ek leaver snein spile, mar dat mei net fan de KNVB. Dus spilet Cambuur gewoan op freedtejûn. Cambuurtrainer Wesseling sjocht dat as kompetysjeferfalsking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)