Learaar Liudger yn race om titel

20 mrt 2006 - 16:54

Dosint Joop Stelwagen fan Liudger yn Drachten makket kâns op de titel Docent van het jaar. Stelwagen sit yn de heale finale fan de ferkiezing mei seis oare dosinten dy't troch harren learlingen oanmeld binne. De ferkiezing giet út fan it 3FM-radioprogramma Buzz.

Ferline jier keas dat programma de conciërge fan it jier. Dat waard Germ van der Sluis fan it Liudger. Stelwagen, dosint Ingelsk, hat it selde kampanjeteam achter him.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)