Sollisitaasje op golfbaan sukses

© Omrop Fryslân
It projekt wêrby't jongeren mei net folle kânsen op 'e arbeidsmerk in sollisitaasjepetear ha op in golfbaan, is tige suksesfol. Yn 2004 en 2005 binne sân projekten opset, wêrfan't ien op de golfbaan fan St. Nyk. Fan de fjouwer jongeren dy't dêr oan mei diene, ha trije in baan fûn. De fjirde is werom gien nei skoalle.
De jongeren koene as caddy op 'e golf- baan in baan of staazjeplak regelje by de golfer dêr't se in dei mei oplutsen.