IBA's pleatst yn Opsterlân

20 mrt 2006 - 14:48

De gemeente Opsterlân is moandei út ein set mei it pleatsen fan 50 saneamde IBA's yn it bûtengebiet fan de gemeente. IBA's binne lytse suverings- ynstallaasjes foar ôffalwetter, dy't it wetter fan bygelyks ien húshâlding suverje. Dêrtroch is oansluting op riolearing net langer needsaaklik.

De IBA's komme yn de grûn by pleatsen dy't safier fan de oare wenten ôf lizze dat oansluting op riolering hiel djoer wurde soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)