Flyers ferlieze fan Nijmegen

20 mrt 2006 - 14:20

De tredde wedstriid yn de finale fan de play-offs tusken de Vadeko Flyers en Emperors Nijmegen is snein op It Hearrenfean wûn troch Nijmegen. Foar 3000 taskôgers gongen de Feansters mei 2-4 ûnderút. De perioadestannen wiene 1-2 , 1-1 , 0-1.

Yn de best of five is de stân no 2-1 yn it foardiel fan Nijmegen. Freed wurdt yn Nijmegen de fjirde wedstriid spile. As de Flyers dy ferlieze, is it mei se dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)