Jiskewein foar Roemenië

20 mrt 2006 - 14:06

It kolleezje fan Skarsterlân wol 35 tûzen euro beskikber stelle foar in jiskewein yn de Roemeenske gemeente Medias. Medias hat sûnt 1990 in saneamde freonskipsbân mei Skarsterlân.

Al earder krige de Roemeenske gemeente twa âlde jiskeweinen oanbean fan Skarsterlân. Mei it jild dat B&W no beskikber stelle wolle, kin in tredde jiskewein foar Medias oankocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)