Trijedûbele boete scooterrider

20 mrt 2006 - 11:05

In 15-jierrige scooterrider fan Tersoal is sneon om 'e nocht op de flecht slein foar de plysje. Flak foar syn wenplak negearde hy in stopteken fan de plysje en naaide út. Doe't hy yn it doarp ôfslaan woe botste hy op de stoeprâne en foel. Hy rekke derby net ferwûne.

De plysje hat de jongen beboete foar it riden sûnder bromfyts-sertifikaat, in net fersekere scooter en it net by him ha fan in identiteitskaart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)