Sven Kramer wint 5000 meter

© Omrop Fryslân
Sven Kramer fan Aldskoat stiet nei de earste dei fan it WK reedriden yn it Kanadeeske Calgary op it fjierde plak. De Amerikaanske titelferdigener Shani Davis giet oan de lieding, foar syn lângenoat Chad Hedrick en de Italiaan Enrico Fabris.
Kramer ferspile in goeie posysje yn it klassemint troch in matige 500 meter (36,93). Davis wûn yn 35.17. Kramer wûn de fiif kilometer, mei ien hûndertste foarsprong op nûmer twa Chad Hedrick.