PvdA B'him praat mei CDA en FNP

19 mrt 2006 - 16:42

Yn Boarnsterhim ûnderhannelje PvdA, CDA en FNP fierder oer de foarming fan in nij kolleezje. As it sa net slagget, praat de PvdA fierder mei allinnich CDA of FNP. Ynformateur Jan de Vries hat dat foarsteld nei in ynventarisaasje fan de polityk wichtige punten by de partijen yn de rie.

It nije kolleezje moat foaral al earder nommen besluten útfiere en net tefolle nije plannen betinke, ha alle partijen tsjin de ynformateur sein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)