Medaljes foar Fryske fakkanjers

19 mrt 2006 - 12:48

Trije Fryske dielnimmers oan de nasjonale finale fan de beroppewedstriden metaal en elektro ha in priis wûn. De masjinebankwurkers Christian Bil út Boarnburgum en Stefan Ernens fan Drachten wûnen sulver en brûns.

Henno van der Werf út Snits wie tred by metaaltechnyk. De dielnimmers oan de vakkanjer-wedstriden wiene technyske talinten fan regionale opliedingssintra en bedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)