'Sâltwinning noch net dien'

19 mrt 2006 - 11:09

Frisia kin noch wol sechstich jier sâltwinne yn Noard-Fryslân. Dat seit direkteur Van Tuinen snein yn de Omrop Fryslân dokumintêre Sâltboeren. Want in konsesje fan it ryk is altyd foar in langere perioade. Dêrmei sjocht de takomst fan it bedriuw der goed út.

Boeren fersette har tsjin de sâltwinning. De boaiem giet nei ûnderen en de grûn wurdt sâlter. Frisia besjocht ek de mooglikheid om sâlt te winnen ûnder de Harnser haven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)