Friese Popdag yn Snits

© Omrop Fryslân
Jonge popmuzykleafhawwers koene sneon terjochte yn It Bolwurk yn Snits foar de Friese Popdag. De stichting Friesland Pop, it Fries Popnet en it Bolwurk hiene de dei organisearre om de hjoeddeistige Fryske pop te beljochtsjen.
Acht ferskillende Fryske bands treden op, der wie in gitaar-workshop en ervaren muzikanten fertelden oer harren ûnderfinings yn de muzykwrâld.