Brân yn opslachloads

© Omrop Fryslân
By in brân yn in opslachloads op yndustryterrein De Zwette yn Ljouwert, is freedtenacht foar santichtûzen euro skea oanrjochte. Der giene twa karavans, in auto en in motor ferlern.
It fjoer ûntstie eefkes nei healwei twaën. De brânwacht rukte mei twa ploegen út. Nei in oere blussen wie it fjoer ûnder kontrôle. De krekte oarsaak fan de brân is noch net bekend. By de brân is in bytsje asbest frijkommen, dat wurdt dit wykein noch oprêden.