Iepen dei by Van Kammen

© Omrop Fryslân
In soad minsken ha sneon even sjoen by de iepen dei fan tinteferhierder Van Kammen yn Easternijtsjerk. It bedriuw sit al in skoftke yn it nije gebou, mar sette sneon de doarren iepen, om't no alles echt klear is.
De tinteferhierder bestiet al 40 jier en hat in goeie 30 man oan it wurk. It is ien fan de grutste tinteferhierders fan it lân, mei omdat it bedriuw spesjalisearre is yn tinten dy't brûkt wurde kinne yn de bou.