Rekreaasjefiver by Slappeterp

18 mrt 2006 - 17:06

De gemeente Menameradiel wol fjirtichtûzen euro stekke yn de oanlis fan in rekreaasje-fiver mei in strân. Dy moat yn de omkriten fan Slappeterp komme.

It giet om in plan fan stifting De Swanneblom. Dy wol de rekreative mooglikheden by de doarpen Slappeterp, Skingen, Berltsum, Wier, Dronryp en Menaam grutter meitsje. Der komt ek in fyts- en hynstepaad en in histoarysk paad wurdt yn âlde steat werombrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)