Strûken yn 'e brân stutsen

18 mrt 2006 - 14:44

Yn Burgum binne freedtejûn ferskate strûken yn 'e brân stutsen. Tsjin alve oere krige de plysje de melding dat der sa'n 20 strûken yn 'e brân stienen oan de Skipfeart yn Burgum. De brânwacht hat it fjoer blust.

Tsien minuten letter al kaam der in melding dat in acht meter hage ek yn 'e brân stie. De brânwacht koe ek dat blusse en wist te foarkommen dat it fjoer oersloech nei in skuorre. De plysje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)