Spesjaal Frysk belizzingsfûns

© Omrop Fryslân
ABN Amro komt mei in nij belizzingsfûns dat ek de meast hoedende Friezen oer de streek helje moat. Mei de Fryslân Boppe Note kinne minsken hast sûnder risiko jild belizze op de beurs. ABN Amro komt mei it fûns, om't de bank der achter kaam is dat de Friezen nochal behâldend binne at it om belizzen giet.
Hoe min at de beurs ek presteart, de ynlis wurdt altyd werom betelle. It rendemint kin net boppe de 9 persint útkomme.