Jan Bruin kin kontrakt ferlinge

18 mrt 2006 - 10:29

Jan Bruin fan Tsjom hat in nij kontrakt oanbean krigen troch syn klub Stormvogels/Telstar. De 36-jierrige oanfaller kin syn kontrakt mei in jier ferlinge. De spits hat lykwols noch gjin beslút nommen. Hy tinkt noch oer it oanbod nei.

Op dit stuit is Bruin ek trainer fan de D-junioaren fan Cambuur. Bruin skoarde dit seizoen fjirtjin kear yn 28 wedstriden. Hy spile tsien seizoenen yn it earste fan Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)