Cambuur wint fan Dordrecht

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freed de útwedstriid by Dordrecht mei 1-2 wûn. Troch dat resultaat docht de Ljouwerter fuotbalklub noch folop mei yn de striid om de sechsde perioade.
Cambuur kaam yn de earste helte mei 1-0 achter. Yn de twadde helte makke Van Rijswijk de lykmakker. De Wagt brocht de Ljouwerters de oerwinning. Cambuur stiet no earste yn de sechsde perioade mei 11 punten út 5 wedstriden.