Bemiddeler foar Duinenzathe

© Omrop Fryslân
De gemeente Eaststellingwerf hat Langman út Waskemar benadere om te ûnderhanneljen yn de kwestje fan de ferpleatsing fan attraksjepark Duinenzathe yn Appelskea. Hy sil earst mei alle partijen gesprekken ha om te sjen oft in oplossing yn syn eagen helber is. Pas dêrnei sil er oanjaan oft er bemiddeler wêze wol.
De eigner wol it attraksjepark eins op in oar plak ha, mar de gemeente wol net meiwurkje.