Aksjes driigje yn streekferfier

© Omrop Fryslân
Der driigje aksjes yn it streekferfier. Ynset fan de aksjes is behâld fan wurk as der in nije opdrachtjouwer komt. Op it stuit is it sa dat by oanbesteging de nije ferfierder al it persoaniel en de betingsten mei oernimt, mar it kabinet tinkt der oer om dat te feroarjen. As dat bard sille der aksjes komme troch it hiele lan.
Derby wurdt ûnder oaren tocht oan fergees iepenbier ferfier. It kabinet moat foar 22 maart beslute.