Steaten om tafel mei minister

© Omrop Fryslân
Provinsjale steaten fan Fryslân en Grinslân sille mei minister Brinkhorst fan Ekonomyske saken prate oer gaswinning ûnder de Waadsee. De steaten fan beide provinsjes binne kritysk oer de mooglike risiko's foar de natuer, as der gas wûn wurdt ûnder it Waad.
Yn it petear begjin april sil it foaral gean oer wat gas winne 'mei de hân oan de kraan' no krekt betsjut en hoe't de minister dat yn fergunnings fêstlizze wol.