Trije bonnen by fûllearaksje

© Omrop Fryslân
Trije minsken hawwe tongersdei in bon krigen by in previntyf fûllearaksje yn Ljouwert. In Ljouwerter (24) hie de stâle fan in bile yn syn auto. In man út Stegeren hie in mes by him en in man út Den Helder (20) in skjirre.
Mei-elkoar waarden der 100 persoanen fûllearre troch 16 plysjeminsken. Neffens de plysje hat it publyk posityf reagearre op de aksje.