Oanwizen EK stêden útsteld

© Omrop Fryslân
De KNVB hat Hearrenfean noch net definityf oanwiist as spylstêd foar it EK ûnder 23. It fuotbalbûn soe de fjouwer spylplakken freed bekind meitsje. Mar de UEFA hat mear tiid nedich om de kandidaat-stadions te beoardieljen.
It WK ûnder 23 wurdt takom jier fan 11 oant en mei 24 juny yn Nederlân ferspile. Njonken Hearrenfean binne ek Den Bosch, Nijmegen, Doetinchem, Emmen, Arnhem en Grins kandidaat.