Rjochter beslist oer piiplieding

17 mrt 2006 - 11:32

Sâltfabryk Frisia wol sa gau mooglik wer gebrûk meitsje fan de piipliedingen foar sâltwinning by Easterbierrum en Tsjummearum. It Harnser bedriuw hat tongersdei oan de rjochter frege it ferbod dêrop op te heffen.

Yn novimber bepaalde de rjochter dat Frisia de piiplieding net mear brûke mocht. It bedriuw hie net goed oerlein mei de boeren. Frisia seit dat yntusken gebeurd is. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)