Man ried perk en auto stikken

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei yn Twizelerheide in man (41) út dat plak oanhâlden. De man wie koart dêrfoar mei drank op in perk ynriden, dat dêrtroch fernield rekke wie. De man makke troch syn manoeuvre ek de oaljelieding fan syn auto stikken. Dêrtroch fleach de auto yn de brân neidat er foar syn hûs parkeard hie.
Hy krijt in bekeuring foar it trochriden nei in oanriding, brân troch skuld en it riden mei tefolle drank op.