Nij Fries Museum stap tichterbij

17 mrt 2006 - 09:54

Nijbou fan it Fries Museum oan it Saailân yn Ljouwert is wer in stap tichterby kaam. Provinsjale Steaten stimden woansdeitejûn lang om let yn mei in bydrage fan 5,5 miljoen euro foar de nijbou fan it museum.

It kealle swier, want it CDA drige tsjin te stimmen. De partij fûn de útstellen fan deputearre Mulder net goed ûnderboud. Neidat de VVD mei in oanpast plan kaam mei minder finansjele risiko's gie it CDA akkoart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)