Biblioteken moatte mooglik ticht

17 mrt 2006 - 09:51

It fuortbestean fan fjouwer filialen fan de biblioteek yn Noardwest-Fryslân rint gefaar. De direksje fan de biblioteek wurket oan in rapport oer de takomst. As gemeenten net mei mear jild komme is der in probleem.

De filialen fan Seisbierrum, Minnertsgea en mooglik twa biblioteken yn Menameradiel sitte yn de gefaresône. De konklúzjes fan it rapport fan de direksje wurde yn oktober ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)