Wurkleazens op 'e nij omleech

17 mrt 2006 - 06:42

De wurkleazens yn Fryslân is it ôfrûne jier mei 5 persint omleech gong. Dat docht bliken út sifers fan it CWI yn Noard-Nederlân, it Centrum voor Werk en Inkomen. Ek yn Grinslân en Drinte binne minder wurkleazen as in jier lyn.

De wurkleazens yn de trije noardlike provinsjes is no al 14 moannen achter elkoar omleech gong. Yn Fryslân is no 10,8 persint fan de beropsbefolking wurkleas. Lanlik is dat 9 persint. Benammen wurkleaze jongeren fûnen wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)