Boek oer Orlando Bottenbley

© Omrop Fryslân
It sukses fan Orlando Bottenbley en syn Betheltsjerke yn Drachten sprekt in soad minsken ta de ferbylding. Hoe docht dy man dat? Wat is it geheim fan syn sukses? Sjoernalist Gerko Last hat besocht it antwurd te finen en syn befinings opskreaun.
It boek 'Orlando Bottenbley & de wijde poorten van de Bethel' ferskynt yn maaie. Njonken it sukses fan de Bethel, stiet it boek ek stil by de teloargong fan de grifformearde tsjerke.