Mear betelbere nijbouhûzen

© Omrop Fryslân
Der wurde hieltiten mear betelbere nijbouhûzen boud yn Fryslân. In tredde part fan de nije hûzen dy't ferline jier oplevere binne, binne delset troch wenningkorporaasjes.
De korporaasjes binne, njonken it bouwen fan hierhûzen, ek hieltiten mear dwaande op de merk fan keaphûzen. Se rjochtsje har dêr ek foaral op hûzen dy't foar minsken mei in smellere beurs te beteljen binne.