Steaten: gjin sâlt út Waadsee

© Omrop Fryslân
It is in miste kâns dat de mearderheid fan provinsjale steaten net wol dat der yn de Waadsee sâlt wûn wurdt. Dat fynt it CDA yn de steaten. De partij hie in foarstel yntsjinne om ûnder de fargeul nei Harns nei sâlt te boar"jen. Mar de measte steateleden wolle dêr net oan.
It CDA fynt dat spitich. It fersakjen fan de seeboaiem troch de winning soe wer in oplossing wêze kinne foar de stiigjende seespegel, as gefolch fan klimaatferoarings.