APK-keuring foar hûzen

16 mrt 2006 - 17:00

280 gebouwen yn Snits wurde kontroleard op de feilichheid fan gas-, wetter- en elektrisiteitynstallaasjes. De gemeente rint mei de kontrôle foarút op de ynfiering fan de ferplichte APK-keuring foar hûzen.

Omdat it yn Snits om in proef giet, betellet de gemeente de kosten sels. De eigners en brûkers of bewenners fan de gebouwen krije ynkoarten in brief fan de gemeente wêryn't har frege wurdt om mei te wurkjen oan de keuringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)