Feiligens-sertifikaat fan 3VO

© Omrop Fryslân
De Theun de Vries-skoalle yn Feanwâlden krijt in feiligens-sertifikaat fan ferkearsorganisaasje 3VO. De skoalle hat in soad dien oan ferbettering fan de ferkearssituaasje. Sa binne de strjitten oanpast en binne der ôfspraken makke foar it bringen en heljen fan bern.
Boppedat is der in nije metoade foar it ferkearsûnderwiis oanskaft. Skoallen kinne harren oanmelde foar it sertifikaat by de provinsje.