Finalisten Sjongfestival bekend

© Omrop Fryslân
De tsien finalisten fan it Sjongfestival foar Bern binne bekend. De skoallen dy't har pleatst ha binne: De Twine fan Drylts, It Klimmerblêd fan Sint Nyk, Trimbeets fan De Gordyk, It Fûnemint fan Wommels, Ds. Hasperskoalle fan Akkrum, It Dûbelspan fan Boazum, It Harspit fan Ternaard, It Grovestinshôf yn Koudum, de Wrâldpoarte fan Garyp en it Skriuwboerd fan Surhústerfean.
De finale fan it twajierlikse festival is op 31 maart yn De Lawei.