Van Nieuwenhoven hâldt op

© Omrop Fryslân
PvdA-pommerant Jeltsje van Nieuwenhoven hâldt fuortendaliks op as deputearre foar de provinsje Súd-Hollân. Dat beslút hat de âld-ynwenner fan Noardwâlde woansdei bekend makke op advys fan har dokters.
Van Nieuwenhoven wie jierrenlang lid fan de Twadde Keamer, dêr't se ek foarsitter fan west hat. Neffens in wurdfierder is der gjin sprake fan in libbensbedriigjende situaasje.