Noch mear tbc-gefallen yn Harns

© Omrop Fryslân
Yn Harns binne nochris 31 minsken ynfektearre mei tuberkuloaze. Dat hat de GGD woansdei bekendmakke. Op 15 febrewaris waard by in Harnzer (45) in besmetlike foarm fan tbc fûn. Dêrnei die de GGD ûndersyk nei mear gefallen.
Ut in earste ûndersyk ûnder tweintich minsken wie dúdlik wurden dat tolve fan harren ynfektearre wiene. Fierder ûndersyk smiet nochris in tweintich gefallen op. It giet om priveekontakten fan de Harnzer.