'Meibetelje oan opknapbeurt'

15 mrt 2006 - 23:38

As de ûndernimmers fan bedriuweterrein West yn Ljouwert nèt meibetelje oan de grutte opknapbeurt fan it terrein, dan giet de hiele revitalisaasje net troch. Mei dat drigement kaam wethâlder Van Mourik fan Ljouwert. Hy sei dat by de start fan de kampanje wêrmei de gemeente de ûndernimmers oerhelje wol om mei te dwaan.

De ûndernimmers moatte 900.000 euro bijdrage. Yn totaal kostet de revitalisaasje 16 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)