Dowen bliuwe yn it hok

© Omrop Fryslân
Dowehâlders yn Fryslân, Grinslân en Drinte hâlde har postdowen op wurkdagen in part fan de dei yn it hok. Dizze gedieltlike ophokregeling is troch de dowehâlders sels betocht om foar te kommen dat dowen by fersin deasketten wurde.
Alle jierren soargje dowen en oare fûgels foar in protte skea oan lânbougewaaksen. Boeren mei dêrom op dowen sjitte. De ophokregeling foar fûgelgryp jildt net mear foar dowen.