Bibliobus fuort: jild foar byb

© Omrop Fryslân
De biblioteek fan de gemeente Frjentsjerteradiel krijt foar ien kear 25.000 euro fan de gemeente. It jild is bedoeld om it ferlies fan de bibliobus yn de doarpen op te fangen.
Fanwege de minne finasjele posysje fan de gemeente moast der besunige wurde op de bibliobus. Yn de doarpen rôp dy't lykwols in protte wjerstân op. Hoe't de doarpen krekt mei dit jild kompenseard wurde koe wethâlder Twerda net sizze.