McDonaldhûs pakt leechstân oan

© Omrop Fryslân
It Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert wreidet de doelgroep út om leechstân tsjin te gean. It sliepadres by it MCL wie east bedoeld foar famylje fan sike bern. Mar der waard te min gebrûk fan makke. No meie dêr ek famyljeleden fan GGZ-pasjinten oernachtsje.
De reden fan de lege besettingsgraad is dat it MCL gjin spesifike ôfdieling hat dêr't in protte bern behannele wurde. Mei de nije groep sliepers derby moat de besetting op 80 prosint komme.