Grou wol rendabel swimbad

© Omrop Fryslân
Grou moat in folweardich swimbad krije, dat sûnder stipe fan de gemeente draaie kin. Dat is it doel fan de Brede Zwembadcommissie en swimferiening De Reddingsboei. Der is in plan ûntwikkele foar in rendabel swimbad.
De gemeente Boarnsterhim wrakselt al in skoft mei de swimbadproblematyk yn Grou. Swimbad De Twine is âld en djoer yn ûnderhâld. In nij bad kostet in soad jild. Mooglik dat de plannen fan de brede swimbadkommisje útkomst biede.