Lege strafeask boerinne Kingma

14 mrt 2006 - 17:21

Tsjin boerinne Anne Kingma fan Jorwert is in lege straf easke fanwege in flater fan it Iepenbier Ministearje. It OM sei dat de helte fan har fee yn beslach nommen wurde soe foar fertutearzing. Mar úteinlik waard dochs de hiele feesteapel meinommen.

Kingma drige harsels yn 'e brân te stekken doe't de Diere-ynspeksje it fee meinimme woe. Se die dat net, doe't it OM sei de helte mei te nimmen. De eask is no 80 oeren wurkstraf ûnder betingst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)