3 fertochten sjitterij noch fêst

14 mrt 2006 - 17:20

Trije fan de fjouwer fertochten fan de sjitterij fan tiisdei yn Ljouwert sitte noch fêst. Ien fan de jonges, ien fan 15 jier, is frijlitten. De fjouwer beskeaten inoar op ljochtskyndei yn 'e Oosterstrjitte, wylst dêr minsken oan it winkeljen wiene. Der rekke net ien ferwûne.

De jonges hiene earder spul mei-inoar en der wie fjochterij. Nije wike wurdt besjoen oft de trije fertochten noch langer fêstsitte moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)