Gjin ynformateur Achtkarspelen

14 mrt 2006 - 17:20

Achtkarspelen moat wer in kolleezje krije mei CDA, PvdA en ChristenUnie. Dat fine de ûnderhannelers fan de seis politike partijen. De trije partijen moatte earst mar ris prate oer in nij kolleezje, fine se.

Yn in soad gemeenten wurdt op it heden in formateur beneamd. Yn Achtkarspelen bart dat net, mar der wurdt wol in politike aginda makke. De punten op dy aginda sille troch de nije gemeenteried behannele wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)