NMa: Hazewinkel net skuldich

14 mrt 2006 - 15:06

Hanzewinkel Pers is net skuldich oan machtsmisbrûk, fynt de NMa. It krantekonsern falt ûnder de Noordelijke Dagblad Combinatie dy't ek de Ljouwerter Krante en hûs-oan-hûsblêden útjout.

In konkurrearjende hûs-oan-hûs-útjouwer hie oanjefte dien by kartelwaakhûn NMa. Hazewinkel soe de advertinsjetariven keunstmjittich leech hâlden hawwe. Dat soe de konkurrinsje skea oandwaan. Neffens de NMa is dat net wier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)